Wa ljept it fierst op it FK? Foarútsjen yn it Fierljep Kafee

09 aug 2019 - 20:31

Wa wurde de nije kampioenen op it FK fan 2019? Yn de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee wurdt op al flink foarpraat by Omrop Fryslân. Neist presintator Gerrit de Boer is âld-ljepper Bart Helmholt foar it earst sidekick.

Fierljep Kafee: 2019

It Fierljep Kafee 2019 is ek as podcast te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Sintraal tema yn it kafee is it FK fierljeppen fan 1979. Dat jier waard Rindert Rosier kampioen by de senioaren, junior Catharinus Hoekstra wûn de sulveren pols. Ek beprate Gerrit en Bart de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma.

De tredde helte

Fansels wurdt der ek wer foarútsjoen op it Frysk kampioenskip mei saakkundigen. Wa binne de kânshawwers en wat binne de ferwachtingen? En as de winners bekend binne, streamt de boppeseal fan herbech De Trijesprong yn Winsum fol foar 'de tredde helte'. Wat kinne de gasten oer dy feesten fertelle?

Fierljepmuseum

Dêrnjonken komt Hannes Scherjon oan it wurd oer syn fierljepmuseum dat dit jier iepengien is yn Noardburgum. Sportferslachjouwer Roelof de Vries docht dit jier foar it earst de kollum fan it Fierljep Kafee en 'The Lucky Daltons' soargje foar de muzikale stipe foar it programma.

FK fierljeppen live by Omrop Fryslân

Op sneon 10 augutstus is it Frysk kampioenskip fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De presintaasje leit dy dei yn hannen fan Gerrit de Boer. It kommentaar komt fan Freark Wijma en Bart Helmholt skoot by beide oan as analist en ko-kommentator.

Foar de minsken dy't de finale nochris weromsjen wolle, is der ek goed nijs: op snein 11 augustus is dat fan 9.00 oere ôf te sjen op de stjoerder.

(advertinsje)
(advertinsje)