Ludike poppen yn maislân by De Tike litte gedichten sjen oan Smellingerlân

08 aug 2019 - 12:40

Yn in maisfjild yn De Tike binne fan tongersdei ôf njoggen etalaazjepoppen te sjen, dy't allegearre in grutte maiskolf beethâlde. Op sa'n maiskolf stiet in gedicht. It giet om in projekt fan de eardere gemeentedichter fan Smellingerlân, Andries de Jong. It wurdt mooglik makke mei stipe fan de gemeente en in tal ûndernimmers. It is de bedoeling dat it projekt alle jierren weromkomt en it moat derfoar soargje dat poëzy wer mear begjint te libjen yn de gemeente.

Ien fan de 'maispoppen' by De Tike - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Alle njoggen poppen hawwe in grutte maiskolf fan 2,5 meter by harren. Dêr stiet in gedicht op. Oant it momint fan hakseljen bliuwe de poppen mei harren 'maismissy' stean.

Poëzy op ûnferwachtse plakken

Tongersdei binnen de maispoppen presintearre troch Andries de Jong en wethâlder Piet de Ruiter fan Smellingerlân. De Jong wie fan 2017 oant 2019 gemeentedichter en hy sjocht it as syn missy om poëzy sichtberder te meitsjen yn de gemeente. Dat die er al earder op ûnferwachtse plakken, lykas by it swimbad fan Drachten, ûnder in brêge en by fuotbalklup VV Drachten.

Neffens De Jong hat De Tike in minne tiid no't de basisskoalle tichtgiet en hy sjocht graach dat syn projekt wer wat fleurichheid yn it doarp bringt.

Andries de Jong lit ien fan syn fersen hearre en fertelt oer it projekt

Trefwurden: 
De Tike maispoppen gedichten
(advertinsje)
(advertinsje)