Gjin ûndersyk haven Terherne

04 jul 2012 - 11:07

Der komt dochs gjin ûndersyk nei de lege grûnprizen wêrfoar't de grûn foar de Klassieke Schepenhaven yn Terherne ferkocht is. Gemeentebelangen 2000 fan Boarnsterhim hie om dat ûndersyk frege. Sy wolle mear dúdlikheid wêrom't de gemeente de saken net foarelkoar hie. Sa hat der gjin taksaasje west fan de grûn en de gemeenteried is net goed ynformearre.

It foarstel is tiisdeitejûn yn de gemeenteried mei alve stimmen tsjin en seis foar oan de kant skood.

Trefwurden: 
Terherne haven grûnprizen
(advertinsje)
(advertinsje)