Heger wetterpeil yn De Iselmar sit fûgels yn it paad

08 aug 2019 - 12:23

It hegere wetterpeil yn De Iselmar sit rêstende en sliepende fûgels yn it paad. Dy meie graach op ûndjippe platen sitte en dy lizze no krekt wat te djip. Natuerbehearder It Fryske Gea hat der noed oer en ûndersiket de gefolgen fan de stiging.

Dat der in peilferheging kommendewei wie fan 10 sintimeter is net in ferrassing. In ferrassing is wol dat dat it peil nei de maitiid net nei ûnderen ta brocht is. It Fryske Gea hat dêr al kontakt oer hân mei Rykswettersteat.

It hegere peil yn De Iselmar is ynsteld om foldwaande swiet wetter te hawwen foar de drinkwetterfoarsjenningen en de lânbou no't it hieltyd drûger wurdt.

Steltrinners en einen

Benammen steltrinners en einen brûke de platen dy't no foar in part of hielendal net mear te brûken binne. Dêrtroch sitte de fûgels net mear yn grutte groepen byinoar en dat makket se kwetsber. De Iselmar is ek populêr by Waadfûgels dy't oars by heech wetter problemen hawwe om in rêstich en relatyf drûch plakje te finen.

De Iselmar fanút in fûgelhut by Piaam - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Remco de Vries mei distrikthaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea

(advertinsje)
(advertinsje)