Ben Rienstra ferlit SC Hearrenfean en giet nei Turkske fuotbalklup

SC Hearrenfean en Kayserispor hawwe in akkoart oer de transfer fan Ben Rienstra fan de Fryske nei de Turkske klub. De 29-jierrige middenfjilder makket fuortdaalks de oerstap nei Turkije dêr't hy in kontrakt tekenje sil foar twa seizoenen.
© Orange Pictures
Rienstra kaam in jier lyn oer fan AZ en tekene in kontrakt oant heal 2021. Rienstra spile yn totaal 36 wedstriden foar SC Hearrenfean en skoarde fiif kear.

'Dûbelde gefoelens'

Technysk manger Gerry Hamstra lit witte dat hy dûbelde gefoelens hat by de transfer. "Ben vervulde een belangrijke rol binnen het team. We hebben hem vorig jaar niet voor niets voor langere tijd vastgelegd. Wij beseffen echter ook dat dit voor hem een heel mooie kans is om alsnog eens in het buitenland te voetballen."
It bûtenlân wurdt dus de Turkske klup Kayserispor. "Zij lieten weten hem heel graag te willen hebben," seit Hamstra. "Uiteindelijk is het voor alle partijen dan ook een mooie transfer geworden. We wensen Ben het allerbeste toe met deze nieuwe uitdaging op het hoogste niveau in Turkije."