"Drokker as ea yn Snitswike, mar stêd kin drokte prima oan"

08 aug 2019 - 12:06

It is drokker as ea, mei de Snitswike fan dit jier. Dat seit de stichting Sneek Promotion. Winkel- en hoarekabedriuwen hawwe it oer topdrokte. Mar de stêd kin de drokte prima oan, neffens de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Jûns is it foaral drok op twa of trije pleinen yn de stêd, mar dat hat noch net laat ta ynsidinten. De gemeente seit dat Snits it festival Garden of Dance net mist as ekstra evenemintelokaasje om alle publyk kwyt te kinnen. Der is in muzykplein op in oar plak yn de stêd dat der oare jierren net wie, dus kinne de minsken har genôch ferspriede.

(advertinsje)
(advertinsje)