Mear jild foar Fryske les

04 jul 2012 - 11:00
Bern yn basisskoalle - Foto: ANP XTRA

Basisskoallen krije dit jier mear jild foar it jaan fan Frysk. Dat komt om't it jild dat it ryk beskikber stelt oer minder learlingen ferdield hoecht te wurden. Der is dêrtroch dit jier 5 euro 77 de learling beskikber. Ferline jier wie dat 5 euro 65.

Skoallen binne ferplichte it jild út te jaan oan learmiddels foar it Frysk. Jild dat se oerhâlde, wurdt fan de subsydzje fan takom skoaljier ôfhelle.

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)