Gerard Revedei yn Greonterp en Blauhûs

Op de dei fan Maria Himelfeart is der oare wike yn Greonterp en Blauhûs omtinken foar de skriuwer Gerard Reve (1923-2006). De plechtichheid is oare wike tongersdei. Der wurdt ûnder oare foarlêzen út Reve syn wurk troch Teigetje en Woelrat.
© Hans Nooitgedacht
De organisaasje fan de 'lytse plechtichheid' leit yn hannen fan Willem Bruno van Albada en Henk van Manen, ek wol bekend as Teigetje en Woelrat. Sy wiene befreone mei de skriuwer en wennen ek mei him yn Greonterp.
Yn de tsjerke fan Blauhûs wurde om 16.00 oere gedichten foardroegen fan Reve. It giet fierder by de klokketoer yn Greonterp, by Huize Het Gras, sa't it hûs hiet dêr't Reve mei de manlju wenne. Dêr lêze 'Teigetje en Woelrat' brieven en proazafragminten foar, skreaun yn de tiid dat se yn Greonterp wennen.
Om healwei achten is der in mis yn de tsjerke fan Blauhûs en as ôfsluting in feestlike gearkomst yn it pleatslike kafee.