Undersyk nei oppompen grûnwetter om Drents-Friese Wold fanwege drûchte

08 aug 2019 - 11:19

Wetterskip Fryslân docht ûndersyk nei it oppompen fan grûnwetter om it natuergebiet Drents-Friese Wold. De oanlieding is de drûchte en it mooglike effekt op de natuer. It Wetterskip fiert in ynventarisaasje út yn in gebiet fan 1.500 meter om it Natura2000-lânskip hinne en brûkt der ûnder oare in drone foar.

De Keale Dunen yn it Drents-Friese Wold - Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân is alert op de gefolgen fan de drûchte. It ûntlûken fan grûnwetter kin ynfloed hawwe op de natuer. Dêrom wurdt der tongersdei en freed ûndersyk dien.

Rapportaazje kontrolearje

De jierlikse rapportaazje fan boeren jout in byld fan wat der oppompt wurdt. Dêryn steane mjitgegevens fan it wetter. Sa'n rapportaazje is ferplichte foar boeren mei in fergunning, dy't mear as 60 kubike meter wetter yn it oere oppompe.

It Wetterskip sil no sjen oft de hoeveelheid wetter dat yn de rapportaazje stiet oerienkomt mei wat der echt yn it fjild oppompt wurdt. Takom wike moatte de resultaten bekend wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)