Ynternasjonale Kattedei: spesjale kattefilms Slieker Film útferkocht

08 aug 2019 - 10:33

De twa spesjale kattefilms dy't Slieker Film tongersdei sjen lit, binne útferkocht. It filmhûs docht foar de earste kear mei oan it ynternasjonale CatVideoFest dat alle jierren op Wrâld Kattedei organisearre wurdt. Der binne twa kear 80 kaarten ferkocht foar de kattefilm.

Foto: de Vries media

"Eerst hadden we maar één voorstelling om 15.00 ingepland", fertelt Loes Brinkman fan Slieker Film. "Maar toen deze zo snel vol zat hebben we snel een tweede zaal erbij gedaan." De besikers krije in kompilaasje te sjen fan sa'n 70 minuten oan fideo's en animaasjes fan katten.

Foar de biste-opfang

De film fan CatVideoFest is oer de hiele wrâld te sjen en in part fan de ynkomsten giet nei lokale organisaasjes foar de opfang fan katten. Slieker stipet mei de fertoaning bisteopfang De Wissel yn Ljouwert, dêr't in part fan de opbringst hinne giet.

Op noch fiif oare plakken yn it lân is de kattefilm te sjen. Brinkman: "En ook daar zijn zowat alle vertoningen uitverkocht."

Op Bistedei, freed 4 oktober, wurdt de film nochris werhelle.

(advertinsje)
(advertinsje)