Frou bedrige en berôve

04 jul 2012 - 10:47
Pinautomaat - Foto: ANP XTRA

De plysje siket de twa dieders fan in strjitrôf dy't tiisdeitejûn yn Ljouwert wie. In frou (29) út de haadstêd hie krekt jild pind by in automaat oan it Ruterskertier, doe't ien fan de twa har tas easke. De frou wegere dat en waard doe troch de man bedrige mei in mes. Se joech dêrop har tas ôf.

De man naaide dêrnei út, yn it selskip fan noch in man. De plysje is no op syk nei it duo.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)