Piet Paulusma: der komt sneon in simmerstoarm, hurde wyn yn Fryslân

08 aug 2019 - 10:11

Omrop Fryslân-waarman Piet Paulusma warskôget dat der sneon in simmerstoarm komt. Hy seit dat der in soad wyn wêze sil en hy wol it ferkear, de wettersport, eveneminten en rekreanten attint meitsje op it minne waar.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Piet Paulusma komme sokke simmerstoarmen hieltyd faker foar. De stoarm fan sneon ûntstiet fanwegen in depresje dy't sneon boppe de Noardsee komt te lizzen. De wyn út it súdwesten wurdt sneon yn it Waadgebiet en boppe De Iselmar stoarmich: der komme wynstjitten mei in krêft 9.

Ek by de oare marren en kustgebieten sil in hurde wyn opstekke fan krêft 7 mei útsjitters oant krêft 8. Ek it lân yn komme wynstjitten fan krêft 7 en mooglik krêft 8. Ek komme der flinke buien.

(advertinsje)
(advertinsje)