Fertochte op 'e died betrape by auto-ynbraak Gerbrandyweg yn Ljouwert

08 aug 2019 - 09:41

In 31-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanholden wylst dizze persoan dwaande wei mei it ynbrekken yn in auto oan de prof. mr. P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert. De fertrochte is op 'e died betrape.

Foto: ANP

It barde om 22.00 oere hinne. Neffens de plysje fan Ljouwert wie der in tsjûge dy't seach dat der ynbrutsen waard. Sadwaande koe de plysje de Ljouwerter op 'e died betraapje. De 31-jierrige fertochte is ynsletten en de plysje docht fierder ûndersyk nei de ynbraak.

(advertinsje)
(advertinsje)