Poëzyrûte by Noardwâlde toant foarbygongers 'Himelske Loften'

08 aug 2019 - 09:01

Yn en om Noardwâlde binne sûnt tongersdei acht buorden te finen mei gedichten, sy meitsje diel út fan in poëzyrûte: 'Hemelse Luchten van Noordwolde.' De ferskes binne skreaun troch Cato Donker, dy't fan no ôf keunstner is.

Donker hat in skoft siik west. Doe't sy better waard en wer nei bûten koe om yn de sinne te lizzen, waard sy lokkich fan de loften boppe har yn Noardwâlde. It brocht har op it idee in bondel mei 25 gedichten te meitsjen. Sy socht kontakt mei de gemeente, en dy brocht har mei it saneamde project KOEK by talintmakelder Jan de Vries. Hy kaam mei it idee om te eksposearjen.

"Toen ik in 2016 voor het eerst geraakt werd door de luchten van Noordwolde was het zomer, met veel blauw en veel wolken. De lucht is een schouwspel, een theater, een oneindige film. Je ziet die schoonheid boven je, dat is geweldig," fertelt Donker.

Sy kaam mei it idee te skriuwen. "Toen heb ik contact gezocht met het gebiedsteam Noordwolde, of men belangstelling had voor een bundeltje. Zo kwam ik met talentmakelaar Jan de Cries in Contact. Hij zei: waarom ga je niet groter denken, waarom ga je niet exposeren? En nu is het klaar, het is gaan bloeien," seit Donker.

Keunstner Cato Donker yn Noardwâlde

Jan de Vries leit út wat it projekt KOEK betsjut. "Het staat voor Klimmen Op Eigen Kracht. Ik ga naar iemand toe en vraag: wat is je droom? Wat had je altijd al willen doen? Dan kan ik coachen en begeleiden. Ze moeten het zelf doen, maar ik geeft wat ideeën, begeleid wat en geeft wat budgettaire steun."

Bestemming Noordwolde

KOEK makket diel út fan in grutter projekt, seit De Vries. "Het komt vanuit Bestemming Noordwolde, van de provincie en de gemeente. Het is om de leefbaarheid te bevorderen en mensen met een achterstand te helpen. Mensen die al lang niet meer in beeld zijn bij de gemeente stimuleren om hum droom waar te maken."

Sadwaande steane der no buorden yn en om it doarp Noardwâlde. "Eindelijk heb ik dit kunnen verwezenlijken," seit Donker. "Gelukkig ben ik er nog en mag ik het maken, ik mag het in mijn leven verwezenlijken."

Talintmakelder Jan de Vries oer it projekt

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)