Dief op boat falt yn wetter

In ynwenner fan Sint Nyk hat tiisdei in ynbrekker trappearre op syn boat. It wie in man (42) út Amersfoart. De boat lei yn de Prinsetún yn Ljouwert. Doe't de Sint Nykster de ynbrekker betrape, ûntstie der in fjochtpartij. Dêrby bedarre de ynbrekker yn it wetter.
Nei't de boateigener him dêr út helle hie, is de man oerdroegen oan de plysje. Dy hat him foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.