Natuermerk Bûtenpost tsjin bio-yndustry: "Minsken binne der wol klear mei"

Botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost fernimt dat der hieltyd mear ynteresse is yn duorsumens, natuer en sûn iten. Sy sjogge dat yn it tal besikers dat elts jier wer tanimt en oan de grutte animo foar de duorsume merk dy't se woansdei organisearren.
Natuermerk Bûtenpost tsjin bio-yndustry: "Minsken binne der wol klear mei"
Gerben de Haan is koördinator fan De Kruidhof. Hy hâldt him dwaande mei de natuermerk. Neffens him is der in soad ynteresse foar duorsumens. "Minsken binne harren hieltyd mear bewust fan wat se ite en drinke. Dêr slút de merk op De Kruidhof moai op oan. Op sa'n dei is it tige drok en it tal besikers nimt al jierren ta. Wy kinne fernimme dat minsken der ferlet fan hawwe."
Op de merk wurden bygelyks produkten fan eigen tunen en hofkes ferkocht. Ek wie der in natuerlike kapsalon, dy't planten en krûden brûkt.

Back to basic

Om oan dy fraach te foldwaan, jout De Kruidhof ûnder oare workshops, bygelyks 'Koken zonder pakjes en zakjes.' "Minsken binne dêr wol in bytsje klear mei. Sy ite guod wêrfan't se eins net witte wat deryn sit. It is somtiden wol hiel lekker, mar wat krije jo binnen? De minsken wolle wer in bytsje 'back to basic', se wolle witte wat se ite en wêr't it weikomt."
Yn 2018 wie De Kruidhof it plak fan it projekt 'Silence of the Bees.' Besikers waarden bewust makke fan it belang fan bijen en oare ynsekten. "Ferline jier wie it besikerssintrum foar it earst iepen. Doe hiene wy in topjier, it liket derop dat wy deselde kant wer op gean," seit De Haan. "Minsken komme mei fragen oer it ynrjochtsjen fan in tún foar bijen en flinters."
Natuermerk op De Kruidhof yn Bûtenpost © De Kruidhof
Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei Gerben de Haan fan De Kruidhof