Kollum: "Griene Stjer"

08 aug 2019 - 08:03

"Twa pagina's oer lûdsoerlêst rûn rekreaasjegebiet De Griene Stjer by Ljouwert stiene juster yn De Volkskrant. Hiel Nederlân waard tsjûge fan it relaas fan in buorman fan it gebiet, dy't in heale baan hat oan it bestriden fan de trije muzykfestivals yn it jier dy't dêr hâlden wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Nei eigen sizzen hat de man hûnderten meistanners, al hat de ferslachjouwer dat net checkt, en is it wat apart dat dizze man alle wiken tweintich oeren fan syn tiid oan de striid tsjin de festivals besteget; óf dan litst dy foar in karre spanne en bist in minne manager, óf dan binne der miskien dochs net in soad oare minsken dy't it wier wat skele kin.

Hawar, der binne by De Griene Stjer trije kear yn it jier in pear dagen mei oerlêst foar de omjouwing. De buorman hellet der fan alles by om de festivals it libben sa beroerd mooglik te meitsjen. De bestjoersrjochter hat it der mar drok mei, want it wurde rjochtsaken.

Jou my dyn problemen, sis ik tsjin die buorman, as ynwenner fan Amsterdam. Dizze stêd is nammentlik 365 dagen yn it jier in festival. Alles binnen de 'Grachtengordel' dêr komme myn freonen en ik sowieso nea mear, dat beskôgje wy as ferlern gebiet, in swart gat op 'e kaart fan 'e stêd, de rottige tosk fan Ald-Amsterdam.

De toeristen komme en gean, in ferskroeide ierde efterlittend foar de toeristen dy't nei harren komme. It rûkt der 24 oeren yn 'e dei nei mayonêze, waffels en opdrûgjende urine, en as ik der in kear trochhinne fytse moat, bin ik hast konstant oan it tingeljen mei myn fytsbel. Fytsbellen, moat ik sizze, want ik haw foar de wissichheid no meardere op myn fyts setten.

Ik haw by myn hûs ek lêst fan dizze 'rekreaasje': der binne yn de ôfrûne trije jierren twa hotels boud neist myn hûs. Der binne in soad redenen wêrom't it ferfelend is om hotels neist it hûs te hawwen. Sa waarden der troch ûnwittende hotelgasten ferskate kearen besocht om fia bluetooth op myn telefyzje te kommen, oant ik dat útskeakele.

Dy hotels biede fansels komfort foar harren gasten, en dêrom hawwe se in grutte klimaatynstallaasje. Foar it hotel rjochts fan myn hûs is dat in probleem, want dat is boud yn in monumintaal pân. Dêr meist dus net samar in ynstallaasje op sette. Dus setten se it yn 'e binnentún. Dat leveret ús as buorlju net allinnich in soad lûd op, mar ek wurdt ús binnentún no opwaarme. En nochris ekstra opwaarme doe't it sok hjit waar wie as twa wiken lyn.

Ja, wêrom giest dan yn Amsterdam wenjen, kinst dy ôffreegje. Ja, wêrom giest dan yn Ljouwert wenjen, freegje ik like hurd werom. It punt is: wêr'tst ek wenjen giest, der binne altyd oare minsken. De iennige fraach dy't der ta docht is: hoe giest dêr mei om? De buorman fan De Griene Stjer giet fol foar de konfrontaasje, oant de rjochtbank oan ta. Dat is dom. Eltsenien dy't ek mar wat fan rjochten wit, kin dy fertelle datst altyd foarkomme moatst datst foar de rjochter komst. De kâns datst der mear úthellest yn ûnderhannelingen is nammentlik folle grutter.

Sa'n man is de buorman net. Ek al hat hy neffens de krante ea bestjoersrjocht studearre. Sjoch, myn doel is net om dizze man no fuort te setten as in 'gekke henkie.' Mar ek al sil hy dit net hearre wolle, dat is al wat eltsenien tinkt dy't dit ferhaal yn 'e krante lêst, en dat leit net oan 'e krante.

Rûzje meitsje is in keunst, mei as regel 1: oare minsken binne der ek en geane lykas dy net fuort, ast it no leuk fynst as net. Dy festivals op De Griene Stjer bliuwe. Ik haw yn de maitiid in desibelmeter hierd, ha mjittings dien yn 'e binnentún, de resultaten dêrfan (in oerskriuwing fan 'e noarm) opstjoerd oan 'e eigener fan it hotel, en gjin tsien dagen letter wiene wy fan de bromtoan ôf.

Net fan it hotel sels ôf, mar situaasje B is better as situaasje A, en sa geane wy fierder. Foar it hotel bin ik tige ferfelend, mar ik sleep it net foar de rjochter. Want dat is allinnich mar ferlies. Fergeze tip, foar de Ljouwerter buorman. Al bin ik bang dat dy yntusken sa djip yn syn syn fjochtgroppe sit, dat hy dêr nea mear útkomt. En dat is al skande foar de 353 dagen yn it jier dat hy yn serene stilte wennet. Wat in wielde."

(advertinsje)
(advertinsje)