Boer Peter Jonker oer de mûzepleach: "Wy wiene der net klear foar"

Boeren yn De Lege Geaën moatte mei-inoar en mei Wetterskip Fryslân om tafel om de streek tusken Snits en Jirnsum better te beskermjen tsjin mûzepleagen. Dat seit boer Peter Jonker fan Poppenwier: "Wy moatte as boeren, tink ik, wat mear kunde opdwaan. Mei-inoar yn konklaaf en mei it Wetterskip prate om der mei-inoar struktureel klear foar te wêzen en dat binne wy no net."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op in grut tal plakken yn de streek wurdt no mei pompen en wetter besocht de mûzepleach oan te pakken. Sa'n 50 bunder lân fan Jonker hat skea oprûn. Fjouwer oant fiif jier lyn wie it ek al safier. Doe hie er 75.000 euro skea.
Dizze kear seach Jonker it al wat oankommen en kocht er dizze maitiid al wat ekstra kuil yn. Mar dêrmei binne jo der noch net.

Selsstannigens

Jonker: "Op de lange termyn moatte wy ús bedriuw der better op ynrjochtsje. Yn de lêste fjouwer jier hawwe wy dit no twa kear. Dus ik tink dat wy sels in pomp hawwe moatte en wy moatte sels slangen hawwe. En ik tink dat wy mei it Wetterskip en ús kollega's oan de slach moatte om mei-inoar te sjen yn hokker krite oft wy no is wetter omheech sette kinne, sa't wy allegearre wetter pompe kinne."
It fergrutsjen fan dûkers soe dêrby wolkom wêze en it pleatsen fan skuven wêrmei't jo ek krekt it wetter dêr krije kinne dêr't it nedich is.
Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei boer Peter Jonker fan Poppenwier
Wetter wurdt ynset yn de striid tsjin de múzen © Remco de Vries, Omrop Fryslân