Fytser slim ferwûne nei oanriding op De Lemmer

08 aug 2019 - 06:28

Op De Lemmer is tongersdei in fytser slim ferwûne rekke, om ûngefear 3.15 oere. It is in 16-jierrige jonge út gemeente De Fryske Marren dy't oanriden is troch in auto, op de krusing fan de rûnwei mei de ôfrit fan de A6, lit de plysje witte.

Foto: ANP

Ambulânsepersoniel hat earste help ferliend en dêrnei is der in traumahelikopter ynskeakele. Ferkearssaakkundigen fan de plysje besykje út te finen hoe't dit barre koe. De ôfrit waard net ôfsletten foar it ferkear, al wie it plak fan de oanriding wol rom ôfsetten.

(advertinsje)
(advertinsje)