Kontrôle op rappe riders

04 jul 2012 - 10:40

Yn Jistrum en Sumar binne tiisdei tusken 8.00 oere moarns en 16.00 oere middeis radarkontrôles hâlden. Buertbewenners klagen oer hurdridende auto's. Op de Wiersmawei yn Jistrum binne 78 auto's kontrolearre, 32 rieden te hurd. Ien automobilist ried 78 kilometer, wylst 50 tastien is. Op de Sumarderwei yn Sumar binne 482 auto's kontrolearre, 83 rieden te hurd. Dêr mei 80 kilometer riden wurde op de dyk, de rapste rider hie 127 kilometer op de teller.

Op de A7 by Breesândyk hat de plysje it rydbewiis fan in Amsterdammer (31) ynnaam. Hy ried mei 187 kilometer yn de oere oer de dyk, wylst er mar 120 mocht. It rydbewiis fan in frou (57) út de gemeente Hearrenfean is tiisdei ek ôfpakt. Se wie mei har auto tsjin de iepensteande doar fan in oare auto riden. Ut in blaastest die bliken dat drank dêrfan de oarsaak wie. Beide bestjoerders ha ek in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysjekontrôle
(advertinsje)