Thewis Hobma toant FK-foarm mei winst by de Fryslân Cup

Thewis Hobma hat woansdei de titel fan de Fryslân Cup op syn namme skreaun. Dat is de lêste wedstriid foar it FK Fierljeppen yn Winsum, oankommende sneon. Hobma is ien fan de favoriten by de manlju en liet dat ek sjen yn Drylts: hy mocht in ôfstân fan 20.58 meter notearje.
Thewis Hobma by de Fryslân Cup
De earste twa sprongen fan de Fryslân Cup wienen noch net hiel dinderjend, mar yn de tredde sprong kaam hy wol oer de 20 meter. Yn de fjirde finalesprong kaam Hobma noch ticht yn de buert fan syn 20. 58 meter, mar de lêste sprong wie mei 20.22 krekt te koart. Hobma hie de winnende sprong al sprongen.
Nard Brandsma kaam ek noch yn de buert fan de ôfstân fan Hobma, mei 20.48. Tredde waard Bobby Zwaagman mei in sprong fan 19.16 meter.
© Martin de Jong Fotografie
By de froulju sprong Marrit van der Wal de fierste ôfstân. Sy notearre 15.72 meter. Van der Wal is topfavoryt by de froulju foar it Frysk kampioenskip. Se sprong in pear wike ferlyn noch in wrâldrekôr. Twadde waard Sigrid Bokma fan Hylpen (14.89) en it brûns wie foar Anneke Broersma (14.49).
By de jonges mocht Rutger Haanstra it heechste poadium op stappe. Hy sprong mei 17.93 meter folle fierder as de nûmer twa Peter Faber (16.31) en de nûmer trije Bouwe Westert (15.93).
Pytrik Westra fan Burgum wûn by de famkes mei 14.58. Femke Rispens sprong hast like fier, mar bleau stean op 14.43. Tirza Boschma fan Drylts kompletearret it trio, mei in ôfstân fan 13.25 meter.
Marrit van der Wal mei winst by de Fryslân Cup
FK fierljeppen live by Omrop Fryslân
It Frysk kampioenskip fierljeppen is sneon fan 13.30 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De presintaasje leit dy dei yn hannen fan Gerrit de Boer. It kommentaar komt fan Freark Wijma en Bart Helmholt skoot by beide oan as analist en ko-kommentator. Foar de minsken dy't de finale nochris weromsjen wolle, is der ek goed nijs: op snein 11 augustus is dat fan 9.00 oere ôf te sjen op de stjoerder.