Mear briedende leppelbekken op It Amelân: in kwart mear as ferline jier

07 aug 2019 - 21:20

It Amelân is en bliuwt in wichtich eilân foar de leppelbek. It tal briedende fûgels dêr is dit jier wer tanaam, seit Richard Kiewiet fan It Fryske Gea. Der hawwe 232 spantsjes leppelbekken bret op It eilân. Dat is sa'n 25 prosint mear as ferline jier.

Leppelbekken op it Amelân - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De measten sieten op seis ferskate plakken op de pôlen fan De Hôn op it eastlike diel fan it eilân. Op it Griene Strân by Ballum sieten ek noch 23 spantsjes mei piken. It giet goed mei de soarte op it Waad.

(advertinsje)
(advertinsje)