Parasjutespringer ferstoarn oan ferwûnings oprûn op It Amelân

In 42-jierrige man út Doetinchem is woansdei ferstoarn oan de ferwûningen dy't er oprûn hat by in ûngelok by it parasjutespringen op It Amelân. Dat meldt de plysje.
© ANP
De man die ferline wike freed mei oan in parasjute-evenemint op It Amelân, doe't er by syn sprong troch noch ûnbekende reden hurd op de grûn delkaam.
De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok. Dat wie by Ameland Boogie, in springevenemint op it strân by Ballum. It evenemint is nei it ûngelok stillein.