FIDEO: De Jouwer fynt stik fan Huzumer roer yn Iselmar by De Lemmer

De peiler fan it Jouster skûtsje hat in part fan it roer fan Huzum út de Iselmar fiske. Dat seach ferslachjouwer Roelof Lousma nei ôfrin fan de wedstriid by De Lemmer. Hy stapte oan board fan it folchskip fan De Jouwer.
It roer fan Huzum rûn averij op by in oanfarring mei Snits. It wie in fjildslach op De Lemmer.
De bemanning fan it Jouster skûtsje siet der nei ôfrin fan de wedstriid útpoept by. Neffens skipper Rinus de Jong fan De Jouwer wie it swier. "Dit hie neat mei wedstriidsilen te krijen. Wy hawwe twa oeren wrotten om it skip oerein te hâlden."
Ald-skipper Douwe Visser fan Snits begrypt dat wol. "Jo moatte fantefoaren kieze hoe't jo it seil derop sette. As jo dat net goed dogge, dan moatte jo jo dea wurkje. En as jo goed kieze, dan binne jo hielendal net wurch. Dan sile jo by de earste fiif, en dan tinke jo dat se seure, achteryn."