Vermilion sjocht noch kânsen foar boarjen by Noardwâlde

07 aug 2019 - 19:16

Vermilion sil yn oerlis mei de belutsen autoriteiten besjen hoe't sa gau mooglik wer begûn wurde kin mei it boarjen nei gas by Noardwâlde. Dat seit it bedriuw yn reaksje op it stillizzen fan it wurk troch it ministearje.

Foto: ANP

It ministearje tinkt dat der mooglik tefolle stikstof frijkomt by de winning. Neffens Vermilion is de frijkommende stikstof te ferwaarloazjen lyts.

Koartlyn bepaalde de Ried fan Steat dat it Nederlânske stikstofbelied neidielich is foar de natuer. Gefolch dêrfan is dat der gjin nije fergunnings mear ôfjûn wurde meie foar aktiviteiten dêr't stikstof by frijkomt.

Vermilion seit de útspraak fan de Ried fan Steat goed te bestudearjen, om te sjen wat krekt de gefolgen binne foar de aktiviteiten fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Noardwâlde Vermilion
(advertinsje)
(advertinsje)