Ynbraak yn garaazje Hurdegaryp

04 jul 2012 - 10:30
Ynbraak - Foto: Omrop Fryslân

Yn in skuorre yn Hurdegaryp is tiisdeitemiddei ynbrutsen. Doe't de bewenster thúskaam, seach sy in blauwe stationwein by har hûs stean, mei in man achter it stjoer. Doe't sy de man oanspruts, fertelde er in faach ferhaal en ried fuort. Dêrnei seach de bewenster dat har garaazjedoar stikken wie.

De frou draafde noch achter de auto oan en koe krekt wat letters fan it nûmerboerd ûnthâlde. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
plysje ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)