"Hjoed wiene wy better as Berltsum, better as elkenien"

07 aug 2019 - 19:03

"Dit is net te leauwen. Geweldich. It moast hielendal ûnder wei komme, ik bin kapot." Dat seit Gosse de Haan. Hy wûn mei syn partuer Winsum woansdei yn Wommels yn in spannende finale tsjin Berltsum de Freulepartij. It wie de alderearste kear dat Winsum de Freule wûn.

Berltsum stie op in stuit op it punt om fiif earsten te pakken, mar Winsum wist werom te kommen. "We moasten op gong komme, foaral ik", joech De Haan ta. "Mar doe't it ienkear begûn te rinnen, wiene wy samar wer by. Gewoan deryn leauwe. Hjoed wiene wy better as Berltsum, better as elkenien."

"Altyd leauwen bliuwe"

Hessel Postma, maat fan De Haan, hie triennen fan gelok en koe de wurden earst net fine. "Dit is net normaal. We stiene 4-0 efter yn de finale, man! Echt net normaal. We stiene 4-0 en 6-0 achter. Miskien ha we in bytsje mazzel hân, mar we keatse it dêrnei gewoan goed út. We tochten punt foar punt. Altyd leauwen bliuwe."

Postma realisearre him dat er mei syn maten foar in primeur soarge, troch foar it earst de Freule foar syn doarp te winnen. "Der hat noch noait sa'n goede keatser yn Winsum west", grapjage er.

Foto: www.orange-pictures.nl

De teloarstelling by Thomas Dijkstra, de stjer oan de kant fan Berltsum, wie logyskerwiis grut. "It glipt yn ien kear út ús hannen. Net te ferklearjen." Hy wit wol wannear't se it fuortjûn ha: "Op 4-2 en 6-0 foar. Dat earst ferlearen we úteinlik. Oars hiene we mei 5-2 foar stien, dan hiene we it tink ik útmakke."

Oar jier hat Dijkstra noch in kâns, mar dêr tinkt er no net oan. "Je moatte tefreden wêze mei in twadde priis. Mar dat bin ik no net."

Trefwurden: 
keatsen Winsum Freule
(advertinsje)
(advertinsje)