Fjirtjinjierrige Friezinne wint twadde priis op Grutte Priis Bûtenpost

De 14-jierrige amazône Jorinde Dolfijn is woansdei knap twadde wurden yn de Grutte Priis fan Bûtenpost. Jorinde gong nei de foarrondes mei trije oare springruters nei de finale. Dêryn bleau se sûnder flaters, mar de Sineeske Moa'dong Yuan die dat ek yn in krekt wat fluggere tiid.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Jorinde is in grut talint. Se waard in pear wike lyn al Europeesk kampioen mei it Nederlânske team fan jonge riders yn de leeftiidsgroep 12 oant 14 jier. Yn it yndividuele klassemint pakte se in knap fiifde plak.
It tredde en fjirde plak yn Bûtenpost wie foar Marriët Smit Hoekstra fan Mildam en Trienke Alma fan Kollumersweach.
Jorinde is de dochter fan amazône Hester Klompmaker en Tiemen Dolfijn, foarsitter fan it Concours Hippique yn Bûtenpost.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Jorinde Dolfijn
Rixt van der Horst op Konkoers Hippyk
Middeis fûn der in bysûnder barren plak. Para-amazone Rixt van der Horst naam dêr ôfskie fan har hynder Uniek, wêrmei't se ferskate wrâldtitels pakte. Uniek giet mei pensjoen en waard yn Bûtenpost noch efkes yn it sintsje set. Neffens foarsitter Tiemen Dolfijn wie dat momint it hichtepunt fan it konkoers. Van der Horst hie it der efkes dreech mei en koe de triennen net ferbergje.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It NK fjouwerspannen, it spektakulêre ûnderdiel mei fjouwer Fryske túchhynders foar in fjouwertsjillich reau, waard wûn troch Feike Holtrop fan Baaium. De prolongearre dêrmei syn titel fan ferline jier. Twadde wie Udo de Haan fan De Himrik en tredde Frits de Jong fan Tsjerkgaast.
Feike Holtrop
Feike Holtrop nei de huldiging © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ritsma fan Wynjewâld wint by NK túchhynders

It Nederlânsk kampioenskip twaspannen túchhynders eareklasse gong nei Marcel Ritsma fan Wynjewâld foar Leendert Veerman fan Wittelte. Ien fan de favoriten foarôf, Derk Jan Mekkes fan Doezem, helle it poadium net.