Winsum wint nei spektakulêre finale tsjin Berltsum foar it earst de Freule

07 aug 2019 - 20:49

Winsum hat foar it earst yn de histoarje de Freulepartij yn Wommels wûn. Hessel Postma, Gosse de Haan en Jelke Greidanus wiene yn in spektakulêre finale mei 5-5 6-2 te sterk foar Berltsum. Dy keatsten mei Thomas Dijkstra, Allard van Wigcheren en Rink Rutmer Sterk.

De earste fjouwer buordsjes fan de finale wiene foar Berltsum. Op 6-4 sloech Hessel Postma de bal kwea, mei de wyn mei. Berltsum sette de sterke start troch, want op 6-2 yn it twadde earst gie de bal op 'e nij kwea oan deselde kant fan it fjild: in skjin spul foar Berltsum.

Benammen Thomas Dijkstra spile sterk foar de Berltsumers. Op 6-4 yn it tredde earst retoernearre er de bal goed en dêrmei besoarge er syn partoer it tredde buordsje. Dêrnei helle er hast hielendal yn syn ientsje wer in earst binnen: 4-0.

Earste buordsje Winsum

Winsum wie yn it fyfde earst hurd op wei nei it earste buordsje. It waard noch spannend, mar op 6-6 gie de bal út oan de Berltsumer kant, wêrtroch't Winsum werom kaam ta 4-1. Dat wie it begjin fan in geweldige comeback. Mei in boppeslach fan Gosse de Haan waard it 4-2.

Doe kaam it altyd wichtige sânde earst: Berltsum hie in skjinne seis foarsprong, mar Winsum kaam werom oant 6-6. Op dy stân sloech Gosse de Haan in sitbal, wêrmei't syn partoer hielendal werom wie yn de finale. It waard noch moaier foar Winsum: Gosse de Haan rjochte syn opslaggen allegear op Allard van Wigcheren en dat die fertuten. Dyselde Van Wigcheren brocht syn opslach bûten op 6-2, wêrmei't it 4-4 waard yn de partij.

Winsum pakte sels de foarsprong: op 6-2 foar Winsum stie Thomas Dijkstra foar Berltsum oan de opslach. Hessel Postma hie in antwurd op dy opslach: mei in boppeslach sette er syn partoer op foarsprong.

Noch net dien

Winsum dus werom fan 4-0 efter oant 5-4, mar it wie noch net dien. Berltsum kaam werom. Hessel Postma kaam de keats op 6-2 net foarby en dus wie it 5-5.

Yn in senuwslopend lêste earst makke Winsum dochs dien wurk. Op 6-2 stie Thomas Dijkstra oan de opslach. Hessel Postma sloech de bal werom. Balkearder Rink Rutmer Sterk koe 'm noch retoernearje, mar dêrnei koe balkearder Jelke Greidanus fan Winsum de bal tsjinhâlde foar de keats. Nei in spektakulêre comeback wint it doarp foar it earst oait de Freule.

Winsum, earder dit jier noch ferliezend finalist op it NK, begûn de dei noch wat muoisum tsjin Stiens. Dat waard 5-4 6-4. Dêrnei hiene se de smaak goed te pakken: 5-0 6-4 tsjin Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk.

Spannum hie ferfolgens ek neat yn te bringen: dy waarden mei in skjinne telegraaf nei hûs stjoerd: 5-0 6-0. It taaie Baard besoarge Winsum dêrnei wol wat problemen op de fjirde list. Winsum kaam mei 5-3 foar, mar Baard keatste him de hiele tiid werom. De opslach rûn net iens geweldich: Geert Reitsma en Bauke Folkerts wikselen wat om. Op 5-4 en 6-4 makke Winsum mei in boppeslach dochs dien wurk yn de striid tusken de twa buordoarpen.

Yn de heale finale koe it ferrassende Grou hiel even bybliuwe, mar nei't it 1-1 stie, rûn Winsum hurd út.

Druven soer

Foar Berltsum binne de druven soer. Se begûnen de dei mei in ienfâldige oerwinning op Ingelum: 5-0 6-6. Dêrnei troffen se direkt Kimswert, dy't beskôge waard as ien fan de outsiders. Dochs wûnen de Berltsumers sûnder al te grutte problemen: 5-2 6-6.

Mei dyselde sifers wûn Berltsum op de tredde list fan it sterke Jellum-Bears. Dy wedstriid wie spannender as de útslach fermoeden docht. In protte earsten giene oant 6-6, mar dy buordsjes giene allegear nei Berltsum, benammen troch goed opslaan fan Thomas Dijkstra. Hy hie de foar-bêst-opslach ek oernommen.

Dêrnei trof Berltsum Sint-Jabik om in plakje yn de finale, want de winner fan dy wedstriid hie yn de heale finale in steand nûmer. Sint-Jabik hie earder op de dei noch foar in ferrassing soarge tsjin topfavoryt Dronryp, mar koe dat tsjin Berltsum net werhelje.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(advertinsje)
(advertinsje)