Man driget mei samoeraiswurd

04 jul 2012 - 10:17
Poeisz, Oerfal, Ljouwert - Foto: Robert-Jan Boonstra

De plysje hat tiisdeitejûn in Ljouwerter (45) oppakt foar bedriging. De man soe yn in wenning oan de Oldegalileën in Ljouwerter (41) bedrige hawwe mei in samoerai-swurd. Dat wie by in rûzje tusken de twa.

De fertochte koe letter oanhâlden wurde, hy is fêstset op it buro foar fierder ûndersyk. It swurd is troch de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)