Ynfloed hawwe op it personiel gemeente De Fryske Marren? Wurd lid fan de sollisitaasjerie

De gemeente De Fryske Marren siket ynwenners dy't yn 'e sollisitaasjerie wolle. Dy rie helpt de gemeente by it oannimmen fan nij personiel.
Gemeente De Fryske Marren © Omrop Fryslân
De leden meie meibepale oan hokker wearden nij personiel toetst wurdt. Se meie fierders ek in bydrage leverje dy't brûkt wurde sil foar sollisitaasjepetearen en rollespullen mei sollisitanten.
De sollisitaasjerie krijt sân leden, fan neffens de gemeente tusken de 16 en oer de 100 jier. Doel is dat de rie mids oktober mei it wurk begjint.
Ynwenners fan De Fryske Marren dy't yn de rie wolle, kinne har oant mids septimber opjaan by de gemeente.