SC Hearrenfean kin noch flink fertsjinje oan âld-spiler

07 aug 2019 - 16:21

Sportklup Hearrenfean kin mooglik noch twa miljoen euro fertsjinje oan de oerstap fan âld-spiler Jeremiah St. Juste nei it Dútske Mainz.

Jeremiah St. Juste yn syn perioade by SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

St Juste spilet no by Feyenoord. Hy makket sa goed as wis de oerstap nei de Dútske ploech. As dat bart, kriget Sportkup Hearrenfean noch in opliedingsfergoeding en in persintaazje fan de ferkeap.

Feyenoord wol op dit stuit wol ferkeapje. Neffens technysk direkteur is der sprake fan in oanbod dat de Rotterdammers gewoanwei net wegerje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)