Grou wint fjildslach by De Lemmer, Huzum torpedearret rûnfeartboaten

07 aug 2019 - 19:02

Grou hat it skûtsjesilen by De Lemmer wûn. De Lemmer waard tredde, en is no koprinner yn it klassemint. De ferskillen binne minimaal. "Dat is moai foar it publyk, mar ik hie leaver mei 20 punten foar stien", seit skipper Douwe Visser fan Grou.

De top fan it klassemint stiet deun by mekoar. De Lemmer hat 27,7 punten, Hearrenfean 27,8, en Grou 28,8. Dêrmei steane de Grousters op in tredde plak. "Dan hiene we yn de oare wedstriden mar better sile moatten", seit Visser.

It skûtsje fan Earnewâld waard twadde. De Lemmer kaam as tredde oer de finish, en Hearrenfean as fjirde.

Averij by Huzum

Der stie in stevige wyn yn de baai fan De Lemmer. En de baan wie net breed. Dat soarge foar problemen. De skûtsjes dy't oer bakboard sylden, moasten de stjoerboardskippen romte jaan by de wâl. Snits draaide te let, en fear tsjin it helmhout fan Huzum oan.

De skûtsjes fan Huzum en de Súdwesthoeke koene de rûnfeartboaten mar kwalik untwike.

"Gelokkich leine dêr gjin lytse boatsjes, oars wie it hielendal mis gien", sei ferslachjouwer Sippy Tichelaar. Se wie op it wetter, en seach it gebeuren. "Se jouwe mekoar gjin meter, en dan komme je soms yn in sitewaasje dêr't je net mear út komme kinne."

Even letter die it Huzumer skûtsje de seilen del. Se koene net fierder, omdat it helmhout skansearre wie. Skipper Johannes Meeter tocht dat it hielendal ôfbrekke soe.

It protest dat Huzum tsjin Snits yntsjinne hie, is takend. Snits krijt 14 punten. Huzum krijt it gemiddelde oantal punten út de oare wedstriden, omdat se troch averij de wedstriid net útsile koene.

Striid tusken Hearrenfean en De Lemmer

Grou sylde foaroan, en bleaun út de problemen. Earnewâld sylde soeverein nei it twadde plak.

Dêrachter wie it spannender. Hearrenfean en De Lemmer strieden om plak trije. Slach nei slach foel Hearrenfean oan, en slach nei slach ferdigene De Lemmer.

Pas op de finish waard de striid beslikke. Hearrenfean koe de lêste ûndertonne better ûnderhelje, mar it wie net genôch om De Lemmer foarby te kommen.

De striid om it seisde plak wie ek fûl. Akkrum waard fiifde, mar de trije skûtsjes dy't dêrnei oer de finish kamen, diene dat op itselde momint.

Utslach by De Lemmer

1 Grou
2 Earnewâld
3 De Lemmer
4 Hearrenfean
5 Akkrum
6 Heale Moanne
7 Ljouwert
8 Wâldsein
9 Drachten
10 De Súdwesthoeke
11 De Jouwer
12 Langwar
14 Snits
DNF Huzum

It is spannend yn de top fan it klassemint.

Klassemint nei De Lemmer

NEI ÔFLÛK MINSTE WEDSTRIID
1 De Lemmer 27,7 14
2 Hearrenfean 27,8 9
3 Grou 28,8 14
4 Huzum 38,9 14
5 Earnewâld 39 14
6 Akkrum 41,9 14
7 Heale Moanne 52 11
8 Ljouwert 60 12
9 De Jouwer 62 13
10 Snits 67 14
11 Drachten 74,9 14
12 Wâldsein 78 14
13 Súdwesthoeke 79 14
14 Langwar 97 14

Sjoch hjirûnder nei it wedstriidferslach fan Freark Wijma.

Trefwurden: 
De Lemmer skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)