Finalisten Freule 2019: Berltsum en Winsum

07 aug 2019 - 16:59

Berltsum en Winsum treffe elkoar yn de finale fan de Freule 2019. Berltsum pleatste him troch op de fjirde list mei 5-1 6-6 fan Sint-Jabik te winnen. Troch in steand nûmer yn de heale finale binne de Berltsumers direkt wis fan in finaleplak. Yn de heale finale wûn Winsum mei 5-1 en 6-0 fan Grou.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De heale finale gie hiel even lykop. Winsum pakte it earste buordsje mei 6-2, mar Grou pakte mei deselde sifers it twadde earst. Dêrnei rûn Winsum dermei wei. De ferliezend finalist fan it NK dit jier wie te sterk foar de Grousters, dy't wol werom sjen kinne op in moaie keatsdei.

De finale fan de Freule is te sjen fia in livestream op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Roelof de Vries. Op de radio dogge Geert van Tuinen en Hijlko Broersma de hiele dei ferslach.

Alle útslaggen oant no ta

Heale finale

37. Grou 6. Winsum 1-5 0-6
24. Berltsum steand nûmer

Fjirde list

37. Grou 41. Wytmarsum 5-1 6-6
6. Winsum 13. Baard 5-4 6-4
24. Berltsum 31. Sint-Jabik 5-1 6-6

Tredde list

39. Akkrum 41. Wytmarsum 5-5 2-6
6. Winsum 9. Spannum 5-0 6-0
13. Baard 15. Ternaard 5-2 6-2
22. Jellum-Bears 24. Berltsum 2-5 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 31. Sint-Jabik 3-5 4-6
37. Grou steand nûmer

Twadde list

41. Wytmarsum 1. Ljouwert 5-2 6-0
4. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 6. Winsum 0-5 4-6
8. Gaast-Ferwâlde 9. Spannum 2-5 0-6
12. Arum 13. Baard 2-5 0-6
15. Ternaard 17. Minnertsgea 5-3 6-6
20. Raerd 22. Jellum-Bears 3-5 2-6
24. Berltsum 25. Kimswert 5-2 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 30. Ferwert 5-1 6-0
31. Sint-Jabik 34. Harns 5-0 6-6
36. Menaam 37. Grou 4-5 4-6
39. Akkrum steand nûmer

Earste list

1. Ljouwert 2. Balk 5-1 6-2
3. Folsgeare 4. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 0-5 2-6
5. Stiens 6. Winsum 4-5 4-6
7. Tsjom 8. Gaast/Ferwâlde 4-5 2-6
9. Spannum 10. Eksmoarre 5-3 6-2
11. Makkum 12. Arum 3-5 6-6
13. Baard 14. Reahûs-Turns 5-1 6-4
15. Ternaard 16. Goaiïngea 5-3 6-0
17. Minnertsgea 18. Wommels 5-2 6-6
19. De Hommerts-Jutryp 20. Raerd 4-5 6-6
21. Jelsum-Koarnjum-Britsum 22. Jellum-Bears 2-5 6-6
23. Ingelum 24. Berltsum 0-5 6-6
25. Kimswert 26. Reduzum 5-3 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 28. Dokkum 5-4 6-6
29. Boalsert 30. Ferwert 4-5 6-6
31. Sint-Jabik 32. Dronryp 5-5 6-6
33. Lollum-Waaksens 34. Harns 2-5 4-6
35. Moarre-Ljussens 36. Menaam 5-5 6-6
37. Grou 38. Bitgum 5-3 6-2
39. Akkrum 40. Hantum 5-1 6-6
41. Wytmarsum
Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(advertinsje)
(advertinsje)