Plysje pakt wikseltrukers dy't taslein hawwe yn Ljouwert en Drachten

07 aug 2019 - 16:08

De plysje fan Ljouwert hat tiisdei twa minsken oanhâlden, dy't fertocht wurde fan it útfieren fan wikseltrúks yn winkels. Se waarden werkend troch in befeiliger yn in winkel.

Foto: pixabay.com

De twa soene de wikseltrúk earder tapast hawwe yn ûnder oare Drachten, Deventer en Emmen. Ien fertochte koe fuortendaliks pakt wurde, letter waard de twadde fertochte sjoen yn in auto.

It giet om in 25-jierrige frou en in 49-jierrige man sûnder fêst wenplak. De twa sitte foarearst yn de sel. De plysje hat de saak fierder yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert wikseltrúk
(advertinsje)
(advertinsje)