Tydlike ynstallaasje NAM by Moddergat om put skjin te meitsjen

De Nederlandse Aardoliemaatschappij (NAM) fiert yn ien fan de putten by Moddergat ûnderhâld út. Der stiet no in tydlike ynstallaasje om wetter út de put te heljen. Dat moat derfoar soargje dat it gas better tastreamt. As it ûnderhâld dien is, wurdt de put skjinmakke troch gas ôf te fakkeljen.
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
As de put skjin is en genôch druk hat, wurdt it gas wer troch de piiplieding transportearre nei Eanjum ta. De NAM hat de omwenners, de gemeente Noardeast-Fryslân en it Staatstoezicht op de Mijnen op de hichte brocht fan it wurk.
De NAM ferwachtet oan de ein fan dizze wike klear te wêzen mei it ûnderhâld.