It Amelân betinkt ferdronken hynders rêdingsboat

It Amelân betinkt nije wike woansdei dat it fjirtich jier lyn is dat by in rêdingsoperaasje acht hynders ferdronken binne. Dat wurdt dien troch blommen te lizzen op it grêf yn de dunen dêr't de hynders begroeven lizze.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
By it helpen fan in Dútsk jacht op 14 augustus 1979 rekke de wein mei de acht hynders yn in mui en waard de djipte yn lutsen.
Hjoed-de-dei wurde der noch altyd hynders brûkt by it ynsetten fan in rêdingsboat, mar dan allinne as demonstraasje. Nije wike woansdei is der ek sa'n demonstraasje, mei as ûnderdiel de betinking.