Tredde list Freule út: favoriten Winsum en Berltsum stome troch

07 aug 2019 - 15:09

Noch seis partoeren meitsje kâns op de winst op de Freule fan 2019. Op de tredde list wiene der gjin grutte ferrassingen. De twa grutste favoriten dy't noch oer binne, Winsum en Berltsum, wûnen sûnder al te folle muoite.

Foto: Henk Bootsma

Wytmarsum hie alle muoite mei it twatal fan Akkrum, Hedser en Heiko Zijlstra. It waard 3-0 foar Wytmarsum, Akkrum kaam werom oant 3-3. Dêrnei rûn Wytmarsum wer út nei 5-3, mar op 'e nij kaam Akkrum werom oant 5 gelyk. Nei in ûngelokkich begjin oan it lêste earst wie it ferset dochs brutsen: Wytmarsum wint mei 5-5 en 6-2 en spilet aanst op de fjirde list tsjin Grou. Dy hiene in steand nûmer.

Skjinne telegraaf

Baard is ek troch nei de fjirde list: yn de 'alliteraasje'-moeting koe Ternaard even knap mei, mar letter kamen se der net mear oan te pas. Baard wint mei 5-2 en 6-2 en moat aanst op de fjirde list tsjin Winsum. Dat partoer pleatste him as earste foar de fjirde list: Jelke Greidanus, Hessel Postma en Gosse de Haan toanden gjin genade foar Spannum, want dy giene der mei in skjinne telegraaf ôf: 5-0 6-0.

Berltsum wint mei 5-2 en 6-6 fan Jellum-Bears. It wie spannender as de útslach fermoeden docht. In protte earsten giene oant 6-6, mar dy buordsjes giene allegear nei Berltsum, benammen troch goed opslaan fan Thomas Dijkstra. Hy hat de foar-bêst-opslach ek oernommen. Berltsum moat aanst tsjin Sint-Jabik. Nei in wiffe begjinfaze tsjin Seisbierrum-Pitersbierrum kamen se goed werom: winst mei 5-3 6-4. Benammen Jesse Kroon is goed oan de opslach.

Tredde list

39. Akkrum 41. Wytmarsum 5-5 2-6
6. Winsum 9. Spannum 5-0 6-0
13. Baard 15. Ternaard 5-2 6-2
22. Jellum-Bears 24. Berltsum 2-5 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 31. Sint-Jabik 3-5 4-6
37. Grou steand nûmer
Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(advertinsje)
(advertinsje)