Plysje siket tsjûgen fan mishannelingen yn Grou

07 aug 2019 - 14:52

De plysje siket tsjûgen fan twa mishannelingen yn Grou oardel wike lyn. Dy barden yn de nacht fan sneon 27 july, doe't it drok wie yn it doarp mei de skûtsjefeesten.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de beide mishannelingen wie op de Parkstrjitte. It slachtoffer krige by it plak fan de taksys in klap tsjin 'e holle, wêrtroch't er de wynbrau skuorde. De plysje siket de man dy't dat dien hat. Dat is in wite man fan sawat 1,90 meter lang mei koart hier. Hy soe yn de omkriten fan Balk wenje.

Yn deselde nacht krige in oar in klap fan efteren yn syn gesicht. It slachtoffer rekke út 'e tiid. Yn it sikehûs waard dúdlik dat er ferskate fraktueren yn it gesicht hie.

De twa slachtoffers ha oanjefte dien. Tsjûgen fan de mishannelingen kinne harren melde by de plysje.

Trefwurden: 
mishanneling Grou tsjûge
(advertinsje)
(advertinsje)