Plysje hat better byld fan libben deade man Ljouwert nei flyeraksje

07 aug 2019 - 14:46

De flyeraksje fan de plysje om mear ynformaasje te krijen oer de Sineeske man dy't heal july dea fûn waard yn in flat oan de Professor Meester P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert hat sa'n 25 tips opsmiten. Dat meldt in plysjewurdfierder.

Foto: Anton Kappers

Mei de flyeraksje woe de plysje in better byld krije fan it sosjale libben fan de man. Dêr wie net folle oer bekend, omdat er net in soad ûnder de minsken kaam.

Hoewol't de plysje noch net alle tips neigien is, is der al wol in better byld fan de man ûntstien.

Yn de flyer stie ek in foto fan de man en syn namme waard fermeld. Neffens de plysjewurdfierder hat dat mei soarge foar de tips.

(advertinsje)
(advertinsje)