Fjoerwurk op brulloft Terherne mei net

07 aug 2019 - 14:16

In brulloft yn Terherne mei dizze woansdei net 'opleukt' wurde mei in fjoerwurksjo. Dat hat de Ried fan Steat bepaald. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) woe it ôfstekken fan fjoerwurk tsjinhâlde fanwegen gefaar foar in natuerbrân. De organisaasje hat gelyk krigen fan de rjochter.

Foto: Flickr

Wêr't it brulloftsfeest presys holden wurde soe, is net bekend.

FUMO blokkearre de fjoerwurksjo ôfrûne moandei mei in e-mail oan de organisator. Dat barde op advys fan de brânwacht, dy't oanjoech dat er op it stuit faze 2 jildt yn Fryslân. Dat betsjut dat it risiko op in natuerbrân grutter is as normaal.

De organisator fan it brulloftsfeest is in bedriuw út it Dútske Kleve. Dat wie nei de Ried fan Steat stapt fanwegen de e-mail fan de FUMO, mar hat dus gjin gelyk krigen. De FUMO falt ûnder ferantwurdlikheid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân.

Trefwurden: 
brulloft fjoerwurk trouwerij
(advertinsje)
(advertinsje)