Mear minsken krije kinkhoast

Mear Friezen krije kinkhoast. Dat docht bliken út sifers fan de GGD. It giet benammen om bern tusken de 8 en 16 jier en om folwoeksenen, mar ek by poppen oant trije moannen binne der mear meldingen. De oarsaak is noch net bekend, dêr wurdt ûndersyk nei dien. Mooglik giet it om in oare foarm fan de baktearje dy't de sykte feroarsaket.
It byld yn Fryslân komt oerien mei it lanlik byld. Ek dêr nimt sûnt jannewaris it tal meldingen fan kinkhoast ta.