FIDEO: Hurde wyn pleaget skûtsjes by De Lemmer

Mei noch trije wedstriden te gean is it spannend yn de top fan it klassemint fan de SKS. Hearrenfean stie by de start fan de wedstriid oan de lieding.
Hjirûnder is de folsleine wedstriid te sjen.
De omstannichheden wiene net maklik yn de Baai fan De Lemmer. Waarman Piet Paulusma ferwachte in súdwestewyn fan wynkrêft fjouwer of fiif, mei útsjitters fan in dikke seis.
De kommisje keas foar in sânglês. By dy rûte hoege de skûtsjes net te gybjen. Dêrby komt it grutseil foar de wyn mei in klap nei de oare kant. Mei hurde wyn kin dat gefaarlik wêze.
De rûte by De Lemmer © Omrop Fryslân