Twadde list Freule klear: noch alve partoeren yn de race

07 aug 2019 - 13:43

De twadde list fan de Freule yn Wommels is ferkeatst. Dêryn wiene, yn tsjinstelling ta de earste list, gjin grutte ferrassingen. De twa grutte favoriten dy't noch oer binne, Winsum en Berltsum, wûnen sûnder al te grutte problemen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Op de earste list wûn topfavoryt Berltsum al mei skjinne fiif earsten fan Ingelum en op de twadde list fersloegen se Kimswert. Dat partoer waard ek ta de favoriten rekkene, mar pakte mar in spul: 5-2 6-6 foar Allard van Wigcheren, Thomas Dijkstra en Rink Rutmer Sterk.

Winsum begûn de dei noch muoisum, mar hie op de twadde list de smaak te pakken: Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk pakte gjin buordsje tsjin Jelke Greidanus, Hessel Postma en Gosse de Haan: 5-0 6-4.

Ek Sint-Jabik, dat yn de earste omloop foar in ferrassing soarge tsjin Dronryp, is wer in omloop fierder. Jesse Kroondijk, Wesley van der Vaart en Verry van der Meer wûnen mei 5-0 6-6 fan Harns.

Twadde list Freule 2019

41. Wytmarsum 1. Ljouwert 5-2 6-0
4. Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk 6. Winsum 0-5 4-6
8. Gaast-Ferwâlde 9. Spannum 2-5 0-6
12. Arum 13. Baard 2-5 0-6
15. Ternaard 17. Minnertsgea 5-3 6-6
20. Raerd 22. Jellum-Bears 3-5 2-6
24. Berltsum 25. Kimswert 5-2 6-6
27. Seisbierrum-Pitersbierrum 30. Ferwert 5-1 6-0
31. Sint-Jabik 34. Harns 5-0 6-6
36. Menaam 37. Grou 4-5 4-6
39. Akkrum steand nûmer

Op de tredde list hat Grou in steand nûmer.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)