Doarpen út Fryslân en Grinslân stride mei mekoar tsjin 'Pitersyl'

07 aug 2019 - 13:37

Tsien doarpsferieningen út it Noardeasten fan Fryslân en it westen fan Grinslân besykje mei mekoar de gaswinning by Pitersyl te kearen. Se wolle dat de Twadde Keamer yn aksje komt.

In boarlokaasje fan de NAM - Foto: ANP

It giet om de doarpsferieningen fan Pitersyl, Muntsjesyl, Boerum, Kollumerpomp, Kollumersyl, Visvliet, Niezijl, Niehove, Oldehove en Grijpskerk.

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken hat de NAM yn juny tastimming jûn om gas te winnen yn it fjild Pitersyl-East. In part fan it gas wurdt wûn troch gemikaliën de grûn yn te pompen. Dat wurdt 'fracking' neamd.

De doarpen binne benaud dat de winning liede sil ta skea oan gebouwen, lânbougrûn en miljeu.

"Oerheid as tsjinstanner fan de ynwenners"

Neffens de doarpsferieningen hie de minister gjin tastimming jaan kinnen, omdat it net dúdlik wêze soe wat de gefolgen fan de winning binne.

Yn in brief oan de Twadde Keamer wize se derop dat der net in protte gas yn it fjild sit. Se begripe net dat it troch giet, wylst der net ien yn de omjouwing foarstanner fan is. "Het kan toch niet zo zijn dat de overheid hier als vijand van de bewoners optreedt."

Ried fan Steat

De doarpsferieningen slute har oan by de prosedueres dy't de gemeenten en provinsjes tsjin de gaswinning oanspanne by de Ried fan Steat.

Trefwurden: 
gaswinning Pitersyl
(advertinsje)