Smell'lân wol fair trade wurde

04 jul 2012 - 09:55
logo fair trade

Smellingerlân wol in fair trade gemeente wurde. It Bilt en Tytsjerksteradiel binne dat al. It hâldt yn dat de gemeente him ekstra ynspant foar earlike hannel troch bygelyks ynwenners en bedriuwen oer te heljen om fair trade klean of kofje te keapjen. Smellingerlân lûkt 5.000 euro út foar in publisiteitskampanje. Dy moat winkellju oantrune om de fairtrade produkten in goed plak yn de winkel te jaan. Der komt in fair traidemerk.

It plan wurdt moandei behannele yn de riedskommisje.

Trefwurden: 
Smellingerlân Fair Trade
(advertinsje)
(advertinsje)