Jonge brúnfisk oanspield op It Amelân

07 aug 2019 - 13:23

Op it strân fan It Amelân is woansdei in jonge brúnfisk oanspield. It bist wie noch yn libben, mar neffens helporganisaasje SOS Dolfijn is wis dat it net oerlibje kin. Omstanners en lifeguards fan de KNRM ha it bist werombrocht nei de see.

Foto: SOSDolfijn

De brúnfisk is sa'n 70 sintimeter lang en nei alle gedachten krekt berne. "Als ze zo jong zijn, dan zijn ze volledig afhankelijk van hun moeder, zelfs bij het zwemmen. Maar de moeder is nergens gezien", seit in wurdfierder fan SOS Dolfijn.

It is net dúdlik wêr't de brúnfisk no is. As it no wer oanspielt, is it it bêste om it bist ynsliepe te litten. "Als je het laat liggen, kan het een paar dagen duren en al levend worden aangepikt door vogels."

Trefwurden: 
It Amelân brúnfisk
(advertinsje)
(advertinsje)