Blommen by 100 jier âld grêf op Noarderbegraafplak yn Ljouwert

07 aug 2019 - 13:09

Om te betinken dat Barbera Wielinga-Vergonet hûndert jier lyn as earste begroeven is op it Ljouwerter Noarderbegraafplak, is dizze dei in krâns by dat grêf lein.

Dy begraffenis is dizze woansdei eksakt in iuw lyn. Doe koe men noch net witte dat it begraafplak útgroeie soe ta it belangrykste begraafplak fan Ljouwert.

Wethâlder Sjoerd Feitsma hat it blomstik dellein. Der wienen ek in pear famyljeleden by oanwêzich.

Trefwurden: 
Ljouwert begraafplak
(advertinsje)
(advertinsje)