Utspraak ministearje oer stop by Noardwâlde is 'ynstrumint' yn striid tsjin gaswinning

07 aug 2019 - 12:19

De Friese Milieufederatie tinkt dat it beslút fan it ministearje fan Lânbou om de proefboarring by Noardwâlde foarearst net ta te stean, ek gefolgen hawwe kin foar oare gasboarringen yn de provinsje.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

"Het is een interessante ontwikkeling, die we zeker gaan volgen", seit Monique Plantinga fan de Friese Milieufederatie. "Het is de eerste keer dat de stikstofuitspraak gevolgen heeft voor de gaswinning. Wij houden vooral in de gaten hoe het komt met de natuurgebieden als daar in de buurt gaswinning is of komt."

Vermilion wol de gaswinning by de besteande boarlokaasje by Noardwâlde útwreidzje. Miljeudefinsje hat hjir beswier tsjin makke omdat sy benaud binne dat dit gefolgen hawwe kin foar it natoergebiet dat flak by de boarring leit. It giet dan foaral om de gefolgen fan mooglike ekstra útstjit fan stikstof. It ministearje fan Lânbou is it dêrmei iens. Vermilion moat earst oantoane dat de boarring gjin gefolgen hat foar de natoer.

Dizze útspraak kin helpe by it aksjefieren. "Het is een instrument dat we kunnen inzetten."

Monique Plantinga fan de Friese Milieufederatie

(advertinsje)
(advertinsje)