Plysje fynt 'foarwerpen' yn syktocht nei wapen

07 aug 2019 - 11:59

De plysje fan Ljouwert hat meardere 'foarwerpen' oantroffen by in syktocht yn de Ljouwerter stedsgrêft. Dat meldt in plysjewurdfierder. Der waard socht nei in wapen.

It wapen soe brûkt wêze by in geweldsynsidint op 26 july. In 24-jierrige man rekke dêrby ferwûne oan de earm en de holle. Hy soe mei in mes stutsen wêze. Dat barde op de Weaze. Dêr socht de plysje ek nei it wapen.

It is net dúdlik oft it mes oantroffen is by de syktocht. In plysjewurdfierder lit witte dat de foarwerpen dy't fûn binne noch ûndersocht wurde moatte.

Rillegau nei it ynsidint ha plysjes al in 21-jierrige fertochte oanholden. Dy sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)